Binnen De Muorren - Dirk Hellinga (demo)

Поділитися
Вставка
  • Опубліковано 20 сер 2024
  • bûten de muorren wurdt it ljocht
    en it daget dy
    bûten de muorren is it begjin fan in nije dei
    se bringe dy dêr'tsto net gean wolst
    in lyster sjongt it heechste liet
    yn de elzebeam
    bûten de muorren giet it libben oan dy foarby
    se bringe dy dêr'tsto net gean wolst
    o, it iroanyske fan de tiid
    de hjerst fan it libben
    is dat it fjouwer oere ljocht wurdt
    yn de meitiid
    oh, âld wurde wol elkenien
    mar gjin minske wol it wêze
    ik bin fan dit plak wol genêzen
    binnen de muorren
    wêrom hyt it hjir de Z
    omdat it de ein is?
    omdat ik sa ôfgryslik oan ein bin?
    se bringe my dêr't ik net gean wol
    witte jim net dat ik noch net dea wol?
    o, it iroanyske fan de tiid
    de hjerst fan it libben
    is dat de geast net oan ein is
    en myn tinken noch frij is
    oh, âld wurde wol elkenien
    mar gjin minske wol it wêze
    ik wil hjirwei, ik wol hjir net mear wêze
    binnen de muorren

КОМЕНТАРІ • 1