Kinst - Dirk Hellinga

Поділитися
Вставка
  • Опубліковано 22 лют 2024
  • Rûchwei en ôfgryslik live ûnder de A7.
    Kinst dy de muoite sparje
    Ik lit de moed net sakje
    Do kinst my alle dagen narje
    Ik haw myn kar al makke
    Ik sjoch de oare kant
    En ik lit my net oerhelje
    Op dizze side te bliuwen
    De oerstek is foar my betelle
    Ik kear net om nei it ferline
    Hoechst it net mear te besykjen
    Al probearrest al dyn pleagen
    En al myn eangsten op my út
    Ik kin in oare Man
    Hy is te wier om net te liuwen
    Ik bin te bliid om stean te bliuwen
    Ik dûnsje foar it keukensrút
    Hoe faak ik it ek ferkeard haw
    Wat ik fan Jezus leard haw
    Is dat ik wer werom kin
    En dan om samar te sizzen
    Fansels wer tsjin Him oan rin
    Ik bin net bang mear foar de slang
    As jim dat op dit stuit noch tochten
    Ik haw myn hiele libben lang
    Myn Leviathans al befochten
    Ik kin in oare Man
    Dy’t mei gjin pinne is te beskriuwen
    Ik hoech alinne mar te leauwen
    Oer Him giet myn lofsang

КОМЕНТАРІ •