Slok op in buorrel - Dirk Hellinga

Поділитися
Вставка
  • Опубліковано 20 сер 2024
  • Skreaun en útfierd troch Dirk Hellinga
    Gitaarsolo 1 troch Andreas van Neerbos
    De tekening is fan Naomi
    Se leit op ´e knibbels foar it krúsbyld
    Der stiet in kerske oan
    Yn har bleke hannen hâldt se
    In fersliten rôzekrans
    Ik sjoch har lippen beweegjen
    Mar kin net hearre wat se seit
    In taferiel, puur en brekber
    Dan komt se wer oerein
    Se seit: ik kaam hjir oars wol gauris
    Doe't ik har frege wat se docht
    It is net dat ik it liuwen kwyt bin
    Mar soms liket sa om 'e nocht
    En om it bytsje dat ik fûn haw
    Haw ik wol ferskuorrende lang socht
    It skeelt in slok op in buorrel
    Dat gjin minske my hjir sa sjocht
    Hy docht syn fêste kuier
    Op in grize freedtemoarn
    It is alwer in seistal winters
    Sûnt syn bêste maatsje stoar
    Hy nimt de dei troch mei de grêfstien
    Dêr stiet har namme kâld en hurd
    Hy lit de blommen foar har achter
    En hat mar wer it lêste wurd
    Hy seit: ik kom hier alle weken
    Frijdag is myn faste dag
    Erges is't ok wel iroanisch
    Ik sit hier fast, wylst sy boven sweve mag
    Ik fond myn lust en myn leven
    En ik raakte het weer kwyt
    It skilt in slok op in borrel
    Dat geen mêns my hier su siet
    Se omklammet de leuning fan de rolstoel
    Har rjochterknokkels sjogge wyt
    It is no trije jier nei it ûngelok
    Har heale lichem hinget bryk
    Se gie prat op in gouden takomst
    It gelok lake har ta
    Oant der wat dwarslei op har paad
    Dat se sels net makke hat
    Se moatte my helpe mei it pisjen
    Ik krij allinnich de klean net oan
    Ik wie de fluchste yn myn klasse
    En no gapje se my oan
    Ik soe hjir in ein oan meitsje wolle
    Mar sels dat haw ik net yn 'e hân
    It skilt in slok op in buorrel
    It is hjoed alwer syn jierdei
    Hy is de tel al aardich kwyt
    en kin net mear sa goed ûnthâlde
    De kop in spûns, of in fergiet
    Allinnich saken fan lang lyn
    Bite harren fêst as in tyk
    Hjir sit de briljante accountant
    Hy set syn soares oan 'e dyk
    Hy seit: de spyt út it ferline
    Dy reitsje ik mar net kwyt
    Hie ik dit of dat mar oars dien
    Hie ik myn tiid mar net fergriemd
    Koe ik mar werom en wie ik achttjin
    Dan soe 'k my sizze hoe 't it siet
    Ik skilt in slok op in buorrel
    Ik haw it hjoed noch wol oan tiid

КОМЕНТАРІ • 2