De Linebeam, De Lindeboom, zang Ureterper Mannenkoor

Поділитися
Вставка
  • Опубліковано 1 жов 2024
  • De Linebeam
    Zang: Het Ureterper Mannenkoor
    't Oeterper Manljuskoar
    De tekst: De Linebeam
    Dêr jins yn’t lytse doarpke
    dêr stiet in linebeam.
    Ik haw sa mannich stûne
    dêr dreamd in swiete dream.
    En mannich leave namme
    ha’k yn syn stamme snien.
    Ik haw yn smert en wille
    sa jamk dêr by him stien.
    Sa jamk dêr by him stien.
    It libben kaam mei stoarmen
    hja brûzden oer myn hert.
    Mar, wêr myn fuotten doarmen
    ‘k fergeat de linebeam net.
    Syn tûken hear ik rûzen
    hoe fier ek fan my wei…
    En’t wie as sei har sûzen
    do fynst de rêst by my.
    Do fynst de rest by my.
    De tiden binne kommen
    en gien mei wille en smert.
    Mar wat hja my ek nommen
    syn swiete rûzen net.
    Ik hear it yn myn sjongen
    myn langstme sjongt it nei:
    Kom nei it lytse doarpke
    en fyn de rêst by my.
    En fyn de rest by my.
    Oorspronkelijk: Der Lindenbaum uit de liederencyclus Winterreise van Franz Schubert op gedichten van Wilhelm Müller.
    samengeseld door J. Brouwer

КОМЕНТАРІ •