Fryslân DOK: Under fjoer, 3 jier nei de brân op de Kelders

Поділитися
Вставка
  • Опубліковано 21 сер 2024
  • De grutte brân op de Kelders yn Ljouwert is alwer trije jier lyn. It sintrum fan Ljouwert waard op 19 oktober 2013 troffen troch in brân dy’t in grutte útwurking hie op de ynwenners fan de Fryske haadstêd. In brân yn it hert fan Ljouwert, grut yn omfang en mei in deadlik slachtoffer. Dat alles makket de Kelders-brân ta in barren dat jin bybliuwt.
    De dokumintêre ‘Under fjoer, brân op de Kelders Ljouwert’ wie yn oktober 2014 te sjen yn Fryslân DOK. Anno 2016 is it ferhaal noch hieltyd aktueel. Ynkoarten sil de eigener fan it pân dêr’t Idsart Otte omkaam, dochs noch foar de rjochtbank ferskine. De heit en mem fan Idsart hawwe dat mei in artikel 12-proseduere by it gerjochtshôf ôftwongen. De man dy’t de brân feroarsake, waard earder al frijsprutsen troch de rjochtbank. De gemeente Ljouwert kundige in ûndersyk oan nei de brânfeiligens in de binnenstêd; de útkomsten dêrfan binne noch net iepenbier makke.
    Yn ‘Under fjoer, 3 jier nei de brân op de Kelders’ steane de ferhalen fan de heit en mem fan it slachtoffer en de seis manlju fan de brânwachtpost Bilgaard-Noard yn Ljouwert sintraal. Op de jûn en nacht fan de grutte brân stie de tiid efkes stil foar dizze minsken. Theo en Ymkje Otte rekken in bern kwyt en de brânwachten besochten immen te rêden, wat mislearre. Dizze Fryslân DOK stiet wiidweidich stil by de persoanlike ferhalen efter de grutte brân op de Kelders yn Ljouwert.

КОМЕНТАРІ • 1

  • @happysoaper
    @happysoaper 3 роки тому +2

    Duim omhoog uit respecht